Earste wedstryd op natueriis

IIsklup Nijelamer hat foar tongersdei de earste koartebaanwedstryd fan dizze winter útskreaun. De wedstryd is foar de senioaren mannen en begjint om 13:30. Der leit no sa'n 3 sintimeter iis op de iisbaan en foar in wedstryd is der 4,5 oant 5 sintimeter nedich. Neffens Hoekstra fan 'e iisklup leit de iisbaan der hiel goed by.
It Reedrydbûn KNSB is op de hichte brocht fan de wedstryd en op dit stuit is Nijlemmer de earste. De Ulesprong hat foar freed in wedstryd útskreaun.