Ynbraken op ferskate plakken
Ofrûne wykein is ynbrutsen yn winkels yn Ljouwert, Bûtenpost en Dokkum. Dat barde yn alle gefallen tusken sneontemiddei en moandeitemoarn. De dieven kamen deryn troch in doar te fernielen.
Yn Ljouwert waarden prizen foar in lotterij meinommen, yn Bûtenpost gie it om jild en yn Dokkum om in laptop. De technyske resjerzje docht spoare-ûndersyk.