Sprekoere foar mantelsoargers

14 des 2009 - 23:11

Mantelsoargers yn de gemeente Hearrenfean kinne ynkoarten mei fragen en problemen terjochte by profesjonele helpferlieners. Fan febrewaris ôf wurde der sprekoeren holden by húsdokters en yn it sikehûs. It Fryske Haachje hat dêrmei in primeur yn Fryslân.

Der is earst sprake fan in eksperimint fan twa jier. De gemeente draait foar de kosten op, mar de gemeente giet der fanút dat de soarchfersekerders it yn it basispakket opnimme sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)