Plannen Muiden-chemie terrein

Op dit terrein soene hûnderten fakânsjehúskes komme moatte
De bou fan it soarch- en rekreaasjepark Lauwershage yn it Lauwersmargebiet komt faai te stean as de ekonomy net gau oanlûkt.
Projektûntwikkeler Phanos út Houten hat it terrein fan Muiden Chemie fjouwer jier ferlyn al kocht. Mar de prosedueres om de 350 wenten en oare fasiliteiten te bouwen duorje nei alle gedachten noch jierren. Dat komt omdat it project tsjin it nasjonaal park Lauwersmar oanleit.