Geert Wilders lûkt folle seal

14 des 2009 - 22:42

Geert Wilders soarge moandeitejûn yn Drachten foar in folle seal en in soad plysje en befeiliging op 'e dyk. De Partij voor de Vrijheid organisearre in byienkomst dêr't njonken Geert Wilders ek alle fraksjeleden fan de Twadde Keamer en it Europeesk Parlemint wiene.

De parse moast bûtendoar wachtsje, sadat de oanwêzigen frijút prate koene mei de partijminsken. Nei ôfrin wie der ek foar de parse gelegenheid om mei de minsken fan de PVV te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)