De Jonge bliuwt by SC H'fean

14 des 2009 - 19:51

Jan de Jonge makket it seizoen by SC Hearrenfean as haadtrainer ôf. Gert Heerkes bliuwt oant 'e ein fan de kompetysje syn assistint. De Jonge en Heerkes namen yn septimber de lieding oer fan Trond Sollied, dy't doe troch de klup oan de kant setten waard.

Der wie earst ôfpraten dat De Jonge en Heerkes oant 2010 de taken waarnimme soene, mar se meitsje no it hiele seizoen ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)