MCL ferkeapet fjoerwurkbrillen

In fjoerwurkbril kin in soad letsel foarkomme (foto MCL)
By it MCL binne ek dit jier wer fjoerwurkbrillen te keap. Op de lokaasjes yn Harns en Ljouwert binne de brillen te keap foar 2,50 euro. Der binne brillen foar bern en foar grutte minsken. Ferline jier wiene de fjoerwurkbrillen in grut súkses en yn in sucht útferkocht.
De brillen binne ek hieltyd mear te keap by fjoerwurkferkeapers en skoallen. De eachartsen fine dat sy ek in bydrage oan de feilichheid leverje moatte.