Spul oer nij fytspaad Surhuzum

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang Surhuzum en de VVD en FNP yn Achtkarspelen binne lulk op de gemeente. De gemeente wol in fytspaad tusken it Langpaad en it Langfal by Surhuzum oanlizze. Dat is nedich omdat skoalbern oars oer in gefaarlike dyk moatte. De politike partijen en it doarp wolle ek in fytspaad, mar binne it net iens mei it trasee dat de gemeente wol.
Wethâlder Van der Wal seit dat it nije trasee feroare is omdat in boer syn lân net ôfstean woe.