Jildpine 19 Fryske gemeenten

14 des 2009 - 16:15

In soad Fryske gemeenten stean der finansjeel striemin foar. Dat hat deputearre Sjoerd Galema moandei op in parsekonferinsje bekend makke. Op it stuit stiet allinnich Boarnsterhim ûnder finansjeel tafersjoch, mar de ferwachting is dat der yn de takomst folle mear gemeenten bykomme sille.

Hokker gemeenten njonken Boarnsterhim mooglik ek yn de beneaming komme foar de artikel 12-status woe deputearre Galema net sizze. Galema sil de gemeenten op it matsje roppe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)