Brân yn Lemster filla

14 des 2009 - 14:54

De brânwacht hat moandeitemiddei- en jûn drok dwaande west mei it blussen fan in brân yn in grutte filla op rekreaasjesintrum De Brekken op 'e Lemmer. Dêr wenne in âlder echtpear dat op 'e tiid út 'e hûs helle is. It begûn as in skoarstienbrân dy 't al gau út 'e hân rûn trochdat it hûs in reiten tek hat.

It hûs stiet oan it begjin fan de Lemster Brekken. De bewenners wiene neffens de brânwacht oandien troch de brân, mar wol rêstich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)