Sintrum H'fean op de skeppe

It Boargemaster Kuperusplein giet oer de kop (foto argyf Omrop Fryslân)
It sil nea sa'n smûke binnenstêd wurde as Snits, Dokkum of Warkum, mar dochs moat it sintrum fan It Hearrenfean der oer in pear jier hiel oars bylizze. Saaie winkels en gebouwen út de jierren '80 en '90 wurde sloopt en ferfongen troch heechweardige arsjitektuer. Der komme ekstra parkearkelders en 500 wenningen.
Foaral it Boargemaster Kuperusplein giet op 'e skeppe. Moandei waarden de plannen mei in kuier presintearre oan bewenners, winkellju en riedsleden.