De Korte: fisk ite op freed

14 des 2009 - 12:39

Biskop De Korte fan it bisdom Grins en Ljouwert wol de âlde katolike tradysje om op freed fisk te iten wer yn eare herstelle. De biskop sei dat sneintejûn yn tv-programma Kruispunt.

Neffens De Korte is ien dei gjin fleis ite ek in goede bijdrage oan de striid om de CO2-útstjit lytser te meitsjen. Offisjeel binne de Nederlânske katoliken al yn 1989 ôfstapt fan it foarskrift om op freed fisk te iten. De biskoppekonferinsje bepaalde doe dat 'sober' ite op freed ek goed wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)