Anty-agresjekursus by Omrin

De ôffalmanlju fan Omrin krije in kursus omgean mei agresje. De arbeidsynspeksje hat dêr by it bedriuw op oantrune omdat de jiske-ophellers faak te krijen ha mei lestige klanten.
Bygelyks as der wat by de strjitte stiet dat se neffens de regels net meinimme meie. Lilke bewenners ha der net altyd begrip foar. Ek as de ôffalauto stiet te laden en de strjitte efkes blokkeard wurdt, wurde de jiskemannen geregeld agressyf oansprutsen.