Fytser ferwûne nei botsing

14 des 2009 - 10:02

In 16-jierrige jonge fan Ljouwert is sneintejûn ferwûne rekke by in botsing mei in auto. De bestjoerster fan de auto, in 31-jierrige frou út Ljouwert, woe op de Willemskade yn de stêd linksôf slaan, mar joech gjin richting oan. Krekt op dat stuit helle de jonge har yn. Hjirtroch klapten de twa opelkoar.

De jonge is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)