Rjochters sjogge yn Haulerwyk

Yn Haulerwyk wurdt moandeitemoarn in skou hâlden troch it gerjochtshôf yn it ûndersyk nei de dea fan Marinus Ooms. Rjochters, resjersjeurs, advokaten en fertochten rinne dêr de rûtes nei dy't de fertochten op it selde tiidstip yn oktober 2006 rûn ha fan de auto nei de wenning fan Ooms.
Op it plysjeburo fan Easterwâlde waard dêrfoar moandei om even nei fiven in spesjale sitting iepene. De haadfertochte hat frege om de skou. Hy ûntkent dat er op it plak west hat.