Riedslid Ten Hoeve ferstoarn

14 des 2009 - 06:47

Yn syn wenhûs is snein it Ljouwerter gemeenteriedslid Hendrik ten Hoeve ferstoarn. Syn dea wie it gefolch fan in ûngelok. Ten Hoeve wie sûnt 1974 foar de PvdA lid fan de gemeenteried.

Hy is foaral bekend wurden as grut kenner fan de Ljouwerter stedsskiednis. De gemeente Ljouwert neamt him 'de skatbewaker fan it kultureel-histoarysk erfguod fan de stêd'. Yn 1995 waard er riddere foar syn ynset foar de stêd. Hendrik ten Hoeve is 64 jier wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)