Van der Duim ferliest finale
Tennisser Antal van der Duim is der net yn slagge de nasjonale Masters te winnen. Yn de finale yn Rotterdam wie Robin Haase dúdlik de sterkste: 6-2 en 6-2.
Dochs wie Van de Duim de ferrassing fan it toernoai. De Finkegeaster fersloech yn de kwartfinale de nûmer ien fan Nederlân Thiemo de Bakker. Yn de heale finale wie Van der Duim ek te sterk foar Raemon Sluiter.