Wetterskip klear foar froast

13 des 2009 - 14:59

Wetterskip Fryslân wol mei in nije maatregel reedriders yn 'e mjitte komme. It Hooglandgemaal yn Starum wurdt snein oanset om it wetterpeil te ferleegjen. Sa ûntstiet in buffer fan 6 sintimer. As it begjint te friezen, wurdt it gemaal wer útset en komt it wetter ta rêst. De iislaach sil dan net sa gau oan 'e ûnderkant ôfslite as by streamend wetter.

It wetterskip hat in spesjaal iisdraaiboek ûntwikkele. Moandei falt it beslút oft dat fan krêft wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)