Portier yn gesicht slein
In 44-jierrige ynwenner fan Wûnseradiel is sneontenacht oanhâlden foar mishanneling. De man hie in portier fan in hoarekagelegenheid oan de Poststrjitte yn Ljouwert yn it gesicht slein. Boppedat hie er him misdroegen yn en foar de hoarekasaak.
De plysje moast pepperspray brûke om de man oanhâlde te kinnen. Hy is nei it plysjeburo brocht en sit noch fêst.