Snitser fernielers oppakt

Op it treinstasjon yn Snits binne sneontenacht fiif Snitsers fan tusken de 16 en 18 jier oppakt. In tsjûge seach dat se tsjin fytsen trapen en guod op it spoar smieten. De plysje waard warskôge en dy koe de fertochten op it Normandiëplein oanhâlde.
Ien fan de jongeren fersette him dêrtsjin en misledige de plysjes. Hy waard yn de boeien slein en mei de fjouwer oare fertochten nei it plysjeburo brocht.