Fiif auto's op-inoar botst

13 des 2009 - 13:05

Fiif auto's binne sneon mei-inoar yn botsing kaam op de Van Harinxmawei yn Olterterp. Ien fan 'e bestjoerders, in man fan 52 jier út Beetstersweach, rekke dêrby ferwûne oan 'e nekke. Syn like-âlde frou dy't by him yn 'e auto siet hie pine yn it boarst. Allebeide moasten se foar behanneling nei it sikehûs ta.

De plysje ûndersiket wat der krekt bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)