Florijn yn partijbestjoer PvdA

13 des 2009 - 11:55

PvdA-wethalder Marco Florijn komt yn it lanlik partijbestjoer. Hy is sneon keazen troch de leden fan de PvdA, op it partijkongres.

Florijn is berne yn Amersfoort, mar wennet yntusken 13 jier yn Ljouwert. Hjir is der wethâlder sosjale saken. Marco Florijn wol him yn it partijbestjoer ûnder oaren sterk meitsje foar in goed skoutingprogramma foar nij talint yn de partij. Ek wol hy de bining mei de fakbûnen en oare maatskiplike organisaasjes fergrutsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)