140 minsken yn bouput Ljouwert

13 des 2009 - 09:34

Sawat 140 minsken hawwe sneon in rûnlieding hân troch de bouput op it Saailân yn Ljouwert. Dêr wurdt wurke oan it bouwen fan in nije parkeargaraazje, op it plak fan de âlde.

Alle dagen steane der wol minsken by de bou te sjen, mar dy moatte altyd efter it stek bliuwe. Sneon mocht it publyk yn groepen ek tichterby komme. De oannimmer koe op syn meast 7 kear in groep fan 20 minsken talitte, mar de belangstelling wie folle grutter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)