Grins wint spot NK Ljouwert

13 des 2009 - 09:31

De spottersklup fan Grins is sneon yn Ljouwert winner wurden fan it nasjonale spotterskampioenskip. Dat waard hâlden yn de Open Hof yn Ljouwert.

Der diene meielkoar tsien ferienings oan mei, mei ferskate tiims. Hja moasten tal fan fragen oer fleantugen beantwurdzje. De wedstriid waard yn Ljouwert hâlden, omdat it Fryske tiim ferline jier kampioen wurden wie. De Friezen mochten dêrom no sels net meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)