Wer ferlies SC Hearrenfean

Hearrenfean-trainer Jan de Jonge (foto Martin de Jong)
SC_Hearrenfean rûn sneontejûn tsjin it tsiende kompetysjeferlies oan. Yn it Abe Lenstra Stadion wûn Feyenoord mei 2-0. De earste helte gie lyk op en einige yn 0-0.
Yn de twadde helte krige Hearrenfean in oantal kânsen, mar dy waarden net benut. Feyenoord profitearre wol fan de kânsen. Kevin Hofland en âld Hearrenfean spiler John Dahl Tomasson skoarden foar de Rotterdammers. Hearrenfean bliuwt 12e mei 17 punten út 17 wedstriden.