Ferlies Harkemase Boys

12 des 2009 - 17:21
  • Trainer Henk de Jong

Harkemase Boys rûn sneon tsjin it tredde ferlies oan yn de kompetysje. Op de Bosk waard mei 3-1 ferlern fan Staphorst. De Harkiten kamen yn de earste helte op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Martijn Barto.

Dêrnei krige Harkemase Boys in protte kânsen mar gjin doelpunten. Yn de twadde helte stie de wrâld op syn kop. Staphorst makke de lykmakker en kaam op in 2-1 foarsprong. It wie Reinder Slager dy't in eigen doelpunt makke. Dat sette de 1-3 op it skoareboerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)