Antal van der Duim yn finale

12 des 2009 - 16:49

Tennisser Antal van der Duim út Finkegea hat sneon de finale berikt fan it Reaal Masters toernoai yn Rotterdam. Van der Duim moast it opnimme tsjin favoryt Raemon Sluiter.

De earste set wûn Van der Duim mei 6-3. De twadde set wûn Sluiter yn de tiebreak mei 7-6. De tredde set gong nei de Stellingwerver mei 6-4. Yn de finale is Robin Haase de tsjinstanner. Haase wûn yn trije sets, 7-6, 3-6, 6-3, fan Jesse Huta Galung

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)