SC Hearrenfean op YouTube

It SC Hearrenfean-kanaal op YouTube
SC Hearrenfean hat sneon in eigen kanaal op YouTube lansearre. De ploech folget dêrmei it foarbyld fan ûnder oare Ajax en PSV. It kanaal op YouTube lit in seleksje sjen fan it oanbod fan fideo's dy't yn de útstjoerings fan SC Hearrenfean TV en op de webside fertoand wurde.
Sa binne der foarbeskôgings, reaksjes en gearfettings te sjen, mar ek steane histoaryske fideo's en filmkes oer âld-spilers en trainers op it kanaal.