Oanlis sportfjilden Oerterp

De sportkantine fan Oerterp
Yn Oerterp is sneon offisjeel begûn mei it oanlizzen fan de nije sportfjilden oan de Skieppeleane. Dêr komme fjilden foar fuotbal, kuorbal, tennis en it keatsen. Der is hiel lang mei de ferskate partijen praten oer de oanlis.
De kosten wurde rûsd op fjouwer miljoen euro. Oan de ein fan takom jier moatte de nije fjilden klear wêze. Op de âlde sportfjilden yn Oerterp komme hûndert huzen te stean.