Alkoholkontrôle yn SW-Fryslân

12 des 2009 - 14:38

De plysje yn Fryslân hat freedtejûn yn gearwurking mei Veilig Verkeer Nederland in alkoholkontrôle holden yn Snits, Heech, Wâldsein, Skearnegoutum en Ysbrechtum.

Yn totaal 430 autobestjoerders moasten in blaastest dwaan. Fjouwer fan harren hiene tefolle dronken. Ek waarden der noch fiif fytsers op de bon slingere, omdat se sûnder ljocht riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)