Ferfelende man oanholden

12 des 2009 - 14:34

In 43-jierrige ynwenner út Frjentsjer is sneontemoarn oanholden yn syn wenplak, omdat de man oare minsken lestich foel. In noch ûnbekende man waard slein troch de fertochte en frege dêrop oan personiel yn in supermerk om it alaarmnûmer te beljen.

De plysje waard by de oanhâlding fan de fertochte bedrige mei de dea. De man út Frjentsjer is meinaam nei it plysjeburo. De plysje wol graach yn kontakt komme mei de man dy't slein is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)