Wenningbrân yn Balk

12 des 2009 - 14:29

Der hat freedtejûn in fûle brân west yn in wente oan de Tjalk de Boerstrjitte yn Balk. Hjirby rekke de wenkeamer swier skansearre. De brân waard ûntdutsen troch de oppas.

Dy helle fuortdaliks de trije bern fan bêd en brocht se nei bûten ta. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De brân is nei alle gedachten ûntstien yn in stekkerdoaze yn de wenkeamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)