Elma de Vries wint 3000 meter

12 des 2009 - 12:59

Reedrydster Elma de Vries, earder fan De Haule, hat freed by de wrâlbekerwedstriden yn Salt Lake City yn Amearika de 3000 meter yn de B-groep wûn.

De Vries sette in tiid op de klok fan 4.03.18. Se wie hjirmei fjouwer tellen rapper as de nûmer twa, Anna Rokita út Eastenryk. Mei dizze tiid wie Elma de Vries yn de A-groep tsiende wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)