Kontrôle by film 'Hel fan '63'

12 des 2009 - 12:19

By de premjêre fan de film 'Hel fan '63', snein yn it WTC yn Ljouwert, sil kontrolearre wurde op yllegale kaartsjes. Op Marktplaats is nammentlik in swarte hannel ûntstien yn yntreebewizen, wylst alle gasten op persoanlike titel útnoege binne.

Guon dêrfan ferkeapje dochs harren kaarten, bytiden wol foar 150 euro. Regisseur Steven de Jong is fernuvere troch de yllegale hannel, mar makket him net al te drok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)