Radarantenne fjoertoer Skier

12 des 2009 - 12:13

No moandei wurdt der in nije radarantenne pleatst op de fjoertoer fan Skiermûntseach. Dit is nedich, omdat de âlde apparatuer oan ein is. Rykswettersteat wurket oan in nije ferkearssintrale foar de Waadsee mei ûnder oare útwreiding fan it netwurk fan de radar.

Om de antenne te pleatsen binne moandei twa grutte mobile kranen nedich, dy't spesjaal foar dizze klus nei it eilân komme. Meikoarten krije ek de oare eilannen in nije antenne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)