AOC Bûtenpost leech by Trouw

12 des 2009 - 10:53
  • It Marnekolleezje yn Boalsert

De measte Fryske skoallen dogge it dit jier aardich goed yn de skoaltest fan Trouw. Allinnich AOC Fryslân yn Bûtenpost komt hiel min út de bus.

Neffens Trouw binne dêr yn de perioade 2007-2008 lege sifers helle op de eksamens fan Engels, Nederlânsk en wiskunde. It giet dan om de rjochting 'mingd teoretysk'. Ek it Marne Kolleezje yn Boalsert en Piter Jelles Dalton yn Dokkum stean leech yn dy list. Opfallende heech stiet de VMBO oplieding fan Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)