Avanti hurd ûnderút

Teamfoto Avanti (foto: Martin de Jong)
Avanti hat freed mei grutte sifers ferlern fan CFE Ciba út Eindhoven. De koprinner yn de topdivyzje fan it sealfuotbal wûn mei 9-1 yn Stiens. By it skoft stienen de Brabanners al mei 4-0 foar. De earetreffer kaam earst yn de lêste minút op namme fan Freddie van der Velde.
By Avanti ûntbrutsen oanfierder Tim Hof en keeper Sietse van der Heide. Nei njoggen wedstriden sakket Avanti no nei it achtste plak.