Ek yn Boalsert hoarekaferbod

11 des 2009 - 21:33

Yn Boalsert kinne stappers dy't oerlêst jouwe fan no ôf in folslein útgeansferbod krije. Tweintich ûndernimmers setten hjirfoar harren hantekening ûnder in konvenant mei de plysje, gemeente en it iepenbier ministearje.

In stapper dy't oer de skreef giet kin yn alle kroegen keard wurde. Giet it hiel mâl, dan kin der sels in gebietsferbod oplein wurde. Op in website wurde alle persoanen mei in ferbod registrearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)