Thijsje Oenema: PR 500 meter

Thijsje Oenema is freedtejûn knap fiifde wurden op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. De reedrydster fan De Jouwer ried 37,73, in nij persoanlik rekôr. Har âlde toptiid, ferline wike riden yn Calgary, stie op 38,04.
Jenny Wolf fan Dútslân waard earste mei in nij wrâldrekôr: 37,00. De Nederlânske topsprintsters Annette Gerritsen en Margot Boer diene net mei yn Salt Lake City.