Fryske studintes op kalinder

Nynke Abma
Twa Friezinnen komme op in kalinder mei de tolve moaiste studintes fan it lân. It giet om Nynke Abma út Snits en Sanne Rabenberg út Ljouwert.
Yn de ferkiezing fan de moaiste studinte fan it jier einige Abma op it twadde plak. Rabenberg waard sechde. De moaiste studinte is Romiy Wiese út Rotterdam. De wedstriid waard organisearre troch de webside Studenten.nl, tegearre mei in modelleburo. Publyk koe fia de webside stimme.