Ferrassende winst Van der Duim

11 des 2009 - 18:57

Tennisser Antal van der Duim fan Finkegea hat op de nasjonale Masters yn Rotterdam foar in ferrassing soarge. Yn de kwartfinale wie hy yn twa sets de baas oer de nûmer ien fan Nederlân Thiemo de Bakker.

De setstannen wiene 6-3 en 6-4. Van der Duim wie mei in wildcard yn it toernoai talitten. Yn de heale finale moat er it opnimme tsjin Raemon Sluiter. Dy wûn syn kwartfinale mei 6-2 en 6-0 fan Peter Lucassen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)