Undersyk nei CO2-opslach

Opslach fan CO2 ûnder de grûn ropt in soad wjerstân op. Neffens wittenskippers kin it yn de gasfjilden fan Noard-Nederlân opslein wurde. De provinsje wol dat net. Deputearre Adema twifelet oan de feilichheid.
By TNO dogge se al 20 jier ûndersyk nei CO2-opslach. Minder CO2 is nedich tsjin de opwaarming. De gasfjilden binne geskikt om't dêr al miljoenen jierren sûnder gefaar gas sitten hat. No't dy leech reitsje, kin der CO2 yn opslein wurde.