Konflikt oer opfang asylsikers

11 des 2009 - 16:17

Der driget op 'e nij in konflikt tusken Fryslân en Den Haach oer it asylbelied. In tal Fryske gemeenten sil ek nei 1 jannewaris útprosedearde asylsikers opfange. Dat is tsjin de ôfspraken dy't earder makke binne mei steatssiktaris Albayrak.

Albayrak wol fan de needopfang ôf, mar neffens de Feriening Fryske gemeenten kinne 160 minsken net samar gewoan op strjitte set wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)