Kado ruilje foar foarstelling

Wa't net wiis is mei syn krystkado kin dat ruilje foar in teaterfoarstelling. It Posthuisteater op It Hearrenfean en De Lawei yn Drachten biede ûngelokkige Friezen in teaterkaartsje yn ruil foar har kado. Betingst is dat it om nije produkten giet. Dy wurde troch de teaters oanbean oan de Voedselbank. Iten en bisten kinne net ynruile wurde.
De ruilaksje kin inkeld sneon 2 jannewaris dien wurde. De teaters bepale foar watfoar foarstelling der kaarten jûn wurde.