Wer brân yn lege pleats

11 des 2009 - 11:35

De brânwacht fan Stiens is freed opnij útriden nei in leechsteande pleats yn Alde Leie. Dy stoarte tongersdei foar it grutste diel yn nei in brân. Hoe't dy brân ûntstie, is noch net bekend. De brânwacht moast der wer hinne om't it fjoer noch smeulde.

It wie dizze wike al de tredde kear dat de brânwacht nei de pleats roppen waard. De gemeente hat it terrein yntusken ôfsletten. De pleats wurdt al jierren net mear bewenne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)