Wâldwei om 11.00 oere iepen

11 des 2009 - 10:11
  • De frachtweinsjauffeur siet oeren beknypt (foto: stjoerder.nl)

De Wâldwei by Ljouwert giet freed ein fan de moarn iepen foar ferkear. Oant dy tiid wurdt wurke om de ravaazje fan it ûngelok fan tongersdeitejûn op te rêden. It duorret lang om't der oalje op de dyk leit.

By it ûngelok kaam in Lemster (52) om it libben. Hy bestjoerde in bestelbus en botste frontaal op in frachtauto. Achterop dy frachtwein botste noch in oare frachtauto. De sjauffeur fan dy lêste auto siet goed fjouwer oeren beknypt. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)