Gouden Straatsteen nei Snits

11 des 2009 - 08:10

Nota Straatmakers BV yn Snits hat de Gouden Straatsteen wûn. Dat is in priis fan FNV Bouw dy't bedoeld is foar strjitmakkersbedriuwen dy't de sektor oantreklik hâlde foar jongeren. Neffens FNV Bouw docht Nota dat troch masines yn te setten.

Alle jierren reitsje sa'n 400 strjitmakkers út it wurk troch problemen mei de sûnens. Troch masines yn te setten kin dat foarkaam wurde. Nota sjocht yn 'e priis in erkenning foar syn ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)