Fragen CDA oer Frysk Museum

29 mrt 2012 - 17:27

De steatefraksje fan it CDA wol opheldering ha fan deputearre steaten oer útspraken fan meiwurkers fan it Frysk Museum oer it beteljen fan grutte útstallings. By in wurkbesite waard de suggestje wekt dat de provinsje meibetelje moat oan datsoarte fan projekten. Neffens it CDA kin soks net om't earder fêstlein is dat it museum dêr sels foar soargje moat.

Ien fan de betingsten dy't de steaten stelden foar de nijbou fan it museum wie dat der maksimaal mar 2,5 miljoen euro it jier hinne mei.

Trefwurden: 
Fries Museum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)