Lykspul Hearrenfeanfroulju

10 des 2009 - 22:01

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean kamen tongersdeitejûn tsjin ADO Den Haach net fierder as in 0-0 lykspul. Op it keunstgers fan Snits Wyt Swart wie de earste helte oan de meagere kant. Nei it skoft wie Hearrenfean de better fuotbaljende ploech, mar doelpunten en de Feanster fuotbalfroulju passe dit seizoen net byelkoar.

De froulju fan SC Hearrenfean steane lêste. Se ha no ien kear wûn, twa kear lyk spile en fiif kear ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)