Trije ZAP-spjeldsjes yn Kollum

10 des 2009 - 16:59

It is ien fan de grutste argewaasjes; blikjes, papierkes en oar omtoarkjend ôffal op 'e dyk. No kinne je der oan steure, mar jo kinne it ek oprêde. De gemeente Kollumerlân sette tongersdei trije boargers yn it sintsje dy't dat geregeld dogge. Sy krigen in ZAP-spjeldsje. ZAP stiet foar Zwerf Afval Pakkers.

It giet om Tine Boersma, Thea Duin en Theo van der Meulen fan Kollumersweach. Dy lêste hâldt it terrein fan vv Friese Boys skjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)